in fertaalburo, dat yn haadsaak de Nederlânske taal yn it Frysk oerset. Dit alles op it mêd fan tsjinstferliening foar bedriuwslibben en partikulieren.
Klaartje: Se meitsje it dy ek net maklik.
Nico: Dy tekening is fan in oare kahast! Moat ik no alles trije kear sizze!
Klaartje: Ik tink dat er toarst hat Niek. Hy smakt.
Nico: Ik ha ek toarst Klaar!
Jacob: (tsjin Liesbeth) Goed mefrou, no kinne jo him in gesellige jûn besoargje!
Liesbeth: Ik tocht, dat hy my in gesellige jûn besoargje soe!
Jacob: No ja, meitsje jim der tegearre in gesellige jûn fan. In hapke ite.. wat drinke en dan…(lûkt it bêd nei ûnderen) Joepie!
Hilde: Wie it lekker, jong? (pakt it pûdsje chips op en slikket mei de finger de krommels út it pûdsje) En dan wurd ik lilk. Dan ha’k der sin oan om him en syn hiele soadsje der út te goaien. Mar ja. Wat dan? Dus slokst it mar wer troch.
Theo: dat ek noch. No ja, dat is miskien ek mar better. Witst wat, do kinst wol op de útfanhûzerskeamer. Ikha moarn hiel wat út te lizzen, mar dat moast ik dochs al. Ik sil my der op de ien as oare wize wol trochhinne slaan.
Jasper: Mar, dit is dochs in hartstikke moaie kamping!!? Karin: (giet fierder) Dat moatte wy noch mar ris sjen. Jasper: Mem, snappe jo dan net dat dy mefrou Hak in ôfgryslik ferfelend wiif is dy’t allinne mar op jild út is. Elk yn it doarp wit it. Sy wol allinne mar dat dizze kamping ticht giet sadat se sels in golfterrein begjinne kin.
Ik bin op 13 desimber berne yn Poppenwier yn De Lege Geaën en ha altyd al in foarleafde foar talen hân, yn it bysûnder foar de Fryske taal. Tagelyk mei de ynteresse foar toaniel/teater wie it op in bepaald momint logysk om ris in toanielstik oer te setten. Doe’t ik de smaak te pakken hie, wie der gjin hâlden mear oan. It waard myn passy. It offisjeel beneamen fan ‘letterfretter’ fan myn fertaalburo yn 2004 hat myn libben dêrnei yn positive sin feroare. Alle dagen ha ik de lúkse om wat mei ‘myn’ taal te dwaan, alles uteraard foar it goeie resultaat. Dat is myn stribjen, dat is myn doel!