Letterfretter

een vertaalbureau dat hoofdzakelijk vertaalt vanuit het Nederlands naar het Fries. Voornamelijk op het gebied van dienstverlening voor het bedrijfsleven en particulieren.

in fertaalburo, dat yn haadsaak de Nederlânske taal yn it Frysk oerset. Dit alles op it mêd fan tsjinstferliening foar bedriuwslibben en partikulieren.

Voorbeelden / Foarbylden

In goede freon en kollega (Ton Elstgeest)

Theo: dat ook nog. Nou ja, dat is misschien ook maar beter. Weet je wat, je kan wel op de logeerkamer. Ik heb morgen heel wat uit te leggen, maar dat moest ik toch al. Ik zal me er op de een of andere wijze wel doorheen slaan.

Hjerst yn Schoorl (Bert Bunschoten &Wigbolt Kruyver)

Vrouw: Je mocht zelfs een touringcar besturen. Maar nou mag je helemaal niks meer besturen van de dokter, want je bent afgekeurd. Man: Ja, door die rot dokter. Hij is niet eens bij me in de auto gestapt. Als je iemand moet keuren voor het rijbewijs zou je toch op zijn minst een stukje met hem de weg op moeten gaan. Maar nee, deze man niet!

De moaiste dei

Oma: Herbert heeft helemaal geen trouw vrouwtje nodig dat slaafs alles voor hem doet. O, begrijp me niet verkeerd. Ik houd van mijn kleinzoon en ik wens hem het allerbeste.

Hotel Atlantico (Frank Houtappels)

Hans: Ik weet niet wat ik liever heb. Talent, of zo'n ebbehouten lichaam. Nick: Een stuk hout maakt nog geen Stradivarius. Hier moet ik even over nadenken. Ties: Wat zeg je dat weer mooi!

Wyn

Eveline: Nee, we kunnen het niet over wat anders hebben. Charlotte: Ik moet naar de keuken. Eveline: Ah! Dat doet ze altijd als het ongemakkelijk wordt: 'Ik moet even naar de keuken. Hoe gaat het Eveline? Niet goed. Niet goed? Hoe kan dat nou? Het komt door...sorry schat, ik moet even naar de keuken.' Pap z'n wijnkelder, mam de keuken. Ga maar snel.

Theo: dat ek noch. No ja, dat is miskien ek mar better. Witst wat, do kinst wol op de útfanhûzerskeamer. Ikha moarn hiel wat út te lizzen, mar dat moast ik dochs al. Ik sil my der op de ien as oare wize wol trochhinne slaan.

Vrouw: Do mochtst sels in bus bestjoere. Mar no meist helendal neat mear bestjoere fan dokter, want do bist ôfkeurd. Man: Ja, troch dy rotdokter. Hy is net iens by my yn’e auto stapt. Ast ien keure moast foar it rydbewys soest doch minstens in stikje mei him de dyk op gean moatte. Mar nee, dizze man net!

Beppe: Herbert hat helendal gjin ferlet fan in trou froutsje dat slaafsk alles foar him docht. O, begryp my net ferkeard. Ik hâld fan myn beppesizzer en ik winskje him it alderbêste.

Hans: Ik wit net wat ik leaver ha. Talent, of sa’n ebbehouten lichem. Nick: in stik hout makket noch gjin Stradivarius. Hjir moat ik even oer neitinke. Ties: Wat seist dat wer moai!

Eveline: Nee, wy kinne it net oer wat oars ha.

Charlotte: Ik moat nei de keuken.

Eveline: Ah! Dat docht se altyd as it ûngemaklik wurdt: ‘Ik moat even nei de keuken. Hoe giet it Eveline? Net goed. Net goed? Hoe kin dat no? It komt troch…sorry skat, ik moat even nei de keuken.’Heit syn wynkelder, mem de keuken. Gean mar fluch.

Over Baukje

Ik ben op 13 december geboren in Poppenwier in De Lege Geaën en heb altijd een voorliefde voor talen gehad, vooral voor de Friese taal. Samen met de interesse voor toneel/theater was het op een bepaald moment logisch om eens een toneelstuk te vertalen. Toen ik de smaak te pakken had, was er geen houden meer aan. Het werd mijn passie. Het officieel benoemen fan ‘letterfretter’ van mijn vertaalburo in 2004 heeft mijn leven nadien in positieve zin veranderd. Elke dag heb ik de luxe om wat met ‘mijn’ taal te doen, alles uiteraard voor het goede resultaat. Dat is mijn streven, dat is mijn doel!

Oer Baukje

Ik bin op 13 desimber berne yn Poppenwier yn De Lege Geaën en ha altyd al in foarleafde foar talen hân, yn it bysûnder foar de Fryske taal. Tagelyk mei de ynteresse foar toaniel/teater wie it op in bepaald momint logysk om ris in toanielstik oer te setten. Doe’t ik de smaak te pakken hie, wie der gjin hâlden mear oan. It waard myn passy. It offisjeel beneamen fan ‘letterfretter’ fan myn fertaalburo yn 2004 hat myn libben dêrnei yn positive sin feroare. Alle dagen ha ik de lúkse om wat mei ‘myn’ taal te dwaan, alles uteraard foar it goeie resultaat. Dat is myn stribjen, dat is myn doel!

Offerte aanvragen / oanfreegje

Wa’t op bleate fuotten
oer de ierde giet
fynt as fansels it paad;
it freonlik bûgjen
fan it gers,
it warskôgjen
fan in puntige stien,
de waarmte en de kjeld.
Op eltse reis werom lyksa
Baukje Wytsma