in fertaalburo, dat yn haadsaak de Nederlânske taal yn it Frysk oerset. Dit alles op it mêd fan tsjinstferliening foar bedriuwslibben en partikulieren.
Klaartje: Se meitsje it dy ek net maklik.
Nico: Dy tekening is fan in oare kahast! Moat ik no alles trije kear sizze!
Klaartje: Ik tink dat er toarst hat Niek. Hy smakt.
Nico: Ik ha ek toarst Klaar!
Vrouw: Do mochtst sels in bus bestjoere. Mar no meist helendal neat mear bestjoere fan dokter, want do bist ôfkeurd. Man: Ja, troch dy rotdokter. Hy is net iens by my yn’e auto stapt. Ast ien keure moast foar it rydbewys soest doch minstens in stikje mei him de dyk op gean moatte. Mar nee, dizze man net!
Theo: dat ek noch. No ja, dat is miskien ek mar better. Witst wat, do kinst wol op de útfanhûzerskeamer. Ikha moarn hiel wat út te lizzen, mar dat moast ik dochs al. Ik sil my der op de ien as oare wize wol trochhinne slaan.
Hans: Ik wit net wat ik leaver ha. Talent, of sa’n ebbehouten lichem. Nick: in stik hout makket noch gjin Stradivarius. Hjir moat ik even oer neitinke. Ties: Wat seist dat wer moai!
Marja: En hoe gie it doe fierder mei jim mem? Stella: Dy hat eins noch wol in moai libben hân dêrnei. Se hie in protte freonen. En in protte bisten. En se skildere. Fruit. Appels, parren, sitroenen. Allinne fruit. En de skaal dêr’t it op lei. Altyd deselde skaal, altyd oar fruit. Martin: Dus do tochst: trouwe doch ik noait? Stella: Ik wit net wat ik tocht. Ik tocht net safolle eins. It gie allegearre fansels. Ik hie eins noait echt lang in fêste freon. Oant ik dy tsjinkaam. Ik fûn dy leuk.
Ik bin op 13 desimber berne yn Poppenwier yn De Lege Geaën en ha altyd al in foarleafde foar talen hân, yn it bysûnder foar de Fryske taal. Tagelyk mei de ynteresse foar toaniel/teater wie it op in bepaald momint logysk om ris in toanielstik oer te setten. Doe’t ik de smaak te pakken hie, wie der gjin hâlden mear oan. It waard myn passy. It offisjeel beneamen fan ‘letterfretter’ fan myn fertaalburo yn 2004 hat myn libben dêrnei yn positive sin feroare. Alle dagen ha ik de lúkse om wat mei ‘myn’ taal te dwaan, alles uteraard foar it goeie resultaat. Dat is myn stribjen, dat is myn doel!