Letterfretter

een vertaalbureau dat hoofdzakelijk vertaalt vanuit het Nederlands naar het Fries. Voornamelijk op het gebied van dienstverlening voor het bedrijfsleven en particulieren.

in fertaalburo, dat yn haadsaak de Nederlânske taal yn it Frysk oerset. Dit alles op it mêd fan tsjinstferliening foar bedriuwslibben en partikulieren.

Voorbeelden / Foarbylden

Pleinfrees (Alan Ayckbourn)

Imme: zo deed je vroeger ook toen je zestien was, als je over dat meisje van de buren sprak. Stuart: Dat is niet waar. Trouwens jij bent veel te jong om je dat te herinneren. Imme: Wij keken altijd naar jullie door een gat in het hek. Stuart: Hou op! Hou er over op! Ga jij nu maar weg! Imme: Oohh! Ik maak het niet te laat. Fijne avond!

La Paloma (Bert Edelenbosch)

Bep: Wat voor spul? Tillie: Tegen schimmel. Bep: Heb jij schimmel? Tillie: Achter. Bep: Waar heb je dat in godsnaam opgelopen? Tillie: Ik niet, het huisje. Groene aanslag. Bep: Dat geeft juist iets landelijks.

Froeger

Vrouw: Wel, eens kijken. Natuurlijk Jos en Emma. Man: Jos en Emma. Mijn God. Waarom die twee? Vrouw: Het zijn de beste vrienden die we hebben. Man: Vrienden? Omdat we een keer per week bridgen?

Wat in gekke man...en syn frou dan? (Alan Ayckbourn)

Ronald: Dan moeten wij lid worden van de kabouters, nietwaar? (hij lacht) Sidney: (lacht het langst) Ja, een goed idee. Lid worden van de kabouters (hij lacht) Moet je tegen Dick zeggen. Die komt niet meer bij. Geoffrey: (na een pauze) Een paar mooie benen. Ronald: Ja. Sidney:Dick? Geoffrey: Zijn vrouw. Sidney: Lottie? O ja. Weet je, ik geloof niet dat ze me ooit opgevallen zijn.

Kening Klysterburd

Prinses: Ja, alle weken laat je een nieuwe rij vrijers langs komen, maar ik heb er helemaal geen zin in om te trouwen. Mijn leventje als prinses hier bevalt mij nog heel goed. Koning: Alle meisjes van jouw leeftijd zijn al lang getrouwd. Je moet toch in keer het huis uit. Of wou je tot je tachtigste de chique prinses uithangen? Vandaag neem je een besluit, hoor je mij? Anders neem ik maatregelen. Je zoekt vandaag maar iemand uit.

Imme: Sa diest froeger ek, doe’ st sechstjin wiest, ast it oer dat fanke fan de buorlju hiest. Stuart: Dat is net wier. Trouwens, do bist fierstente jong om dy dat noch foar de geast te krijen. Imme:Wy seagen altyd stikem nei jim troch in gat yn it stek. Stuart: Hâld op! Hâld der oer op! Gean do no mar fuort. Imme:Oohhh! Ik meitsje it net te let. Fijne jûn.

Bep: Wat foar guod? Tillie: Tsjin skimmel. Bep: Hasto skimmel? Tillie: Efter. Bep: Wêr hast dat yn godsnamme oprûn? Tillie: Ik net, it húske. Griene oanslach. Bep: Dat jout krekt wat lanliks.

Frou: No, es sjen. Jos en Emma fansels.

Man: Jos en Emma. Myn God. Wêrom dy twa?

Frou: It binne de bêste freonen dy’t wy ha.

Man: Freonen? Omdat wy ien kear wyks bridge?

Ronald: Dan moatte wy lid wurde fan de kabouters, is’t net sa? (hy laket) Sidney: (laket it langst) Ja, in goed idee. Lid wurde fan de kabouters (hy laket) Moast tsjin Dick sizze. Dy komt net mear by. Geoffrey:(nei in skoftke) In pear moaie skonken. Ronald: Ja. Sidney: Dick? Geoffrey: Syn frou. Sidney: Lottie? O ja. Witst, ik leau net dat se my oait opfallen binne.

Prinses: Ja, alle wiken litst in nije rige frijers lâns komme, mar ik ha der helendal gjin nocht oan om te trouwen. Myn libbentsje as prinses hjir befalt my noch heel goed.

Kening: Alle famkes fan dyn leeftyd binne al lang troud. Moast dochs in kear it hûs út. Of woest oant dyn tachtichste de sjike prinses úthingje? Hjoed nimst in beslút, hearst my? Oars nim ik maatregels. Do sikest mar ien út hjoed.

Over Baukje

Ik ben op 13 december geboren in Poppenwier in De Lege Geaën en heb altijd een voorliefde voor talen gehad, vooral voor de Friese taal. Samen met de interesse voor toneel/theater was het op een bepaald moment logisch om eens een toneelstuk te vertalen. Toen ik de smaak te pakken had, was er geen houden meer aan. Het werd mijn passie. Het officieel benoemen fan ‘letterfretter’ van mijn vertaalburo in 2004 heeft mijn leven nadien in positieve zin veranderd. Elke dag heb ik de luxe om wat met ‘mijn’ taal te doen, alles uiteraard voor het goede resultaat. Dat is mijn streven, dat is mijn doel!

Oer Baukje

Ik bin op 13 desimber berne yn Poppenwier yn De Lege Geaën en ha altyd al in foarleafde foar talen hân, yn it bysûnder foar de Fryske taal. Tagelyk mei de ynteresse foar toaniel/teater wie it op in bepaald momint logysk om ris in toanielstik oer te setten. Doe’t ik de smaak te pakken hie, wie der gjin hâlden mear oan. It waard myn passy. It offisjeel beneamen fan ‘letterfretter’ fan myn fertaalburo yn 2004 hat myn libben dêrnei yn positive sin feroare. Alle dagen ha ik de lúkse om wat mei ‘myn’ taal te dwaan, alles uteraard foar it goeie resultaat. Dat is myn stribjen, dat is myn doel!

Offerte aanvragen / oanfreegje

Wa’t op bleate fuotten
oer de ierde giet
fynt as fansels it paad;
it freonlik bûgjen
fan it gers,
it warskôgjen
fan in puntige stien,
de waarmte en de kjeld.
Op eltse reis werom lyksa
Baukje Wytsma