in fertaalburo, dat yn haadsaak de Nederlânske taal yn it Frysk oerset. Dit alles op it mêd fan tsjinstferliening foar bedriuwslibben en partikulieren.
Flora: Barnabas? Ah, Barnabas. Alles is klear. Ik wol dy myn tún sjen litte, dyn tún. Do moast se sjen: myn Japanske kwee, myn klimmer….myn kamperfoelje, myn klematis. It wurdt simmer. Ik ha de parasol foar dy opsetten. Kinst yn’ e tún bôle-ite, by de fiver. Ik ha it hiele hûs foar dy oppoetst. It glimt as in spegel.
Vincent: Wy hiene dêr mei syn fiven stean moatten. Yn elk gefal mei syn fjouweren want Bruno sit yn New York. Neat mear fan heard de ôfrûne wiken.
LucasL Bruno hat der gjin nocht mear oan neffens my.
Vincent: Dêr bin ik wol wis fan. Ik soe der best in bytsje mei sitte.
Freddy: Echt?
Frou:Wat tochtste? Ik ha hjoed frij, ik sil mar es ekstra lang dûse. Man:Ik ha net frij. Frou:O, nee. Dyn rêch. Man:Doch mar wat makliks. Makaroany of sa. Frou:Makaroany kin ek bot yngewikkeld wêze. Dat witsto net, want do siedst noait iten (stilte) Wêrom wiest no sa lang ûnder de dûs? Fûnst dat ûntspannend?
Valerie: Dennie, as de broer fan dokter Kreukwijk oankomt, wolsto him dan fuortstjoere? Dennie: Och, binne jo dêr no wol wis fan? Wolle jo him net in kânske jaan? Valerie: Dy gek! Gjin hier op myn holle.
Hilde: Wie it lekker, jong? (pakt it pûdsje chips op en slikket mei de finger de krommels út it pûdsje) En dan wurd ik lilk. Dan ha’k der sin oan om him en syn hiele soadsje der út te goaien. Mar ja. Wat dan? Dus slokst it mar wer troch.
Ik bin op 13 desimber berne yn Poppenwier yn De Lege Geaën en ha altyd al in foarleafde foar talen hân, yn it bysûnder foar de Fryske taal. Tagelyk mei de ynteresse foar toaniel/teater wie it op in bepaald momint logysk om ris in toanielstik oer te setten. Doe’t ik de smaak te pakken hie, wie der gjin hâlden mear oan. It waard myn passy. It offisjeel beneamen fan ‘letterfretter’ fan myn fertaalburo yn 2004 hat myn libben dêrnei yn positive sin feroare. Alle dagen ha ik de lúkse om wat mei ‘myn’ taal te dwaan, alles uteraard foar it goeie resultaat. Dat is myn stribjen, dat is myn doel!