in fertaalburo, dat yn haadsaak de Nederlânske taal yn it Frysk oerset. Dit alles op it mêd fan tsjinstferliening foar bedriuwslibben en partikulieren.
Dick: Dy happe yn elke Frânsman, dy’t beskikber is. Doe’t ik der sakrekt yn kaam, stie dy Martha fan dy al te swingen mei in slipke foar har…dy wie al mei har warming-up dwaande
Karel: Prommen. Ik moat eh…prommen ha.
Frits: Prommen?
Karel: Prommen ja. Drûge of op sop. En neffens my hienen wy se noch yn’e kuolsel. Mar ik kin se net fine.
Frits: Prommen. Prima! Prima! Sil ik freegje! Bliuw hjir!
Beppe: Herbert hat helendal gjin ferlet fan in trou froutsje dat slaafsk alles foar him docht. O, begryp my net ferkeard. Ik hâld fan myn beppesizzer en ik winskje him it alderbêste.
Jacob: (tsjin Liesbeth) Goed mefrou, no kinne jo him in gesellige jûn besoargje!
Liesbeth: Ik tocht, dat hy my in gesellige jûn besoargje soe!
Jacob: No ja, meitsje jim der tegearre in gesellige jûn fan. In hapke ite.. wat drinke en dan…(lûkt it bêd nei ûnderen) Joepie!
Joris: Wie it net…mei in fioele? Michiel: Gjin fioele. Wie it mar in fioele west. In fioelkiste. Mei dêr yn in pakje sjek, in oanstekker, in pin en in beurs. Har: ôfgryslike oansteller. Michiel: Elk rûn doe mei in fioelkiste as tas, dat wie moade. Har: Wy net. Joris: Wy hienen plestyk taskes.
Ik bin op 13 desimber berne yn Poppenwier yn De Lege Geaën en ha altyd al in foarleafde foar talen hân, yn it bysûnder foar de Fryske taal. Tagelyk mei de ynteresse foar toaniel/teater wie it op in bepaald momint logysk om ris in toanielstik oer te setten. Doe’t ik de smaak te pakken hie, wie der gjin hâlden mear oan. It waard myn passy. It offisjeel beneamen fan ‘letterfretter’ fan myn fertaalburo yn 2004 hat myn libben dêrnei yn positive sin feroare. Alle dagen ha ik de lúkse om wat mei ‘myn’ taal te dwaan, alles uteraard foar it goeie resultaat. Dat is myn stribjen, dat is myn doel!