in fertaalburo, dat yn haadsaak de Nederlânske taal yn it Frysk oerset. Dit alles op it mêd fan tsjinstferliening foar bedriuwslibben en partikulieren.
Betty: Hast dat noch útsjoen? Kaam gjin ein oan. Wat in ellinde allegearre. Wat in depresje. Mar moai ferhaal oer dy houtdowen. Fûn ik in moai ferhaal. (Victor swijt) Asto tinkst dat ik hjir mei rûzjesykjende buorlju en in keardel dy’st wol troch it húske spiele kinst, twa wike op dizze berch sitten gean, dan hast it mis.
Robbie: Dat is wol in bytsje wier. Sjoerd: Do bist in ordinêre dief. Harrie: Hee Sjoerd, harkje no even. Litte wy der no ús foardiel mei dwaan. Sjoerd: En wat hiest yn’e holle? Harrie: Hiel simpel. Ik ha hjir in lytse foarrie klear stean. Dy ferkeapje ik gewoan even net troch en – ploep – sûnder dat wy ek mar wat hoege te dwaan, sjit de omset omheech.
Aal: It is dyn eigen skuld. Hiest dy ferrekte hoanne mar thús litte moatten. No hast wer hielendal gjin oandacht foar my. Boppedat misse de hinnen him ek noch.
Marjo:
Hy sit yn syn wurkkeamer. Achter syn kompjûter.
Marc: Porno hoecht helendal net ferkeard te wêzen foar in relaasje.
Marjo: Nee, hy sit te wachtsjen.
Marc: Wêr op?
Marjo: Op persys it goeie momint om te keapjen of te ferkeapjen. Oandielen, opsjes, wit ik it.
Alice: Shit. Ik hie opnimme moatten. Wêrom ha ik net opnommen? Ik belje him daliks werom. Fynst it net slim? Even mar. Wêrom bellet er my? Op dit tiidstip…At er myn muoike mar net bellet..
Michel: Hy hat fêst it nûmer net fan dyn muoike…Dochs?
Ik bin op 13 desimber berne yn Poppenwier yn De Lege Geaën en ha altyd al in foarleafde foar talen hân, yn it bysûnder foar de Fryske taal. Tagelyk mei de ynteresse foar toaniel/teater wie it op in bepaald momint logysk om ris in toanielstik oer te setten. Doe’t ik de smaak te pakken hie, wie der gjin hâlden mear oan. It waard myn passy. It offisjeel beneamen fan ‘letterfretter’ fan myn fertaalburo yn 2004 hat myn libben dêrnei yn positive sin feroare. Alle dagen ha ik de lúkse om wat mei ‘myn’ taal te dwaan, alles uteraard foar it goeie resultaat. Dat is myn stribjen, dat is myn doel!