in fertaalburo, dat yn haadsaak de Nederlânske taal yn it Frysk oerset. Dit alles op it mêd fan tsjinstferliening foar bedriuwslibben en partikulieren.
Willem: Tusken al dy froulju? Hoefolle froulju hast dan? Theo: No, ik mar ien fansels, mar Chunglu hat sân. Toos: Godsamme noch ta, sân! Willem: No, dêr bist moai klear mei, dan hast ek daliks sân skoanmemmen hear, betink dat wol.
Babette: Dat wie yn it begjin. Mar letter. Letter is der toch wol in momint west? Ik bedoel dat Claire it sels yn de tuskentiid net mear snapte. Se tocht dat har bern har al fergetten wie. Paul: Doch net sa idioat. Fansels wie Michel syn mem net fergetten. Hy woe no ien kear net nei it sikehûs. Ik ha it him faak genôch frege. Ik bedoel, ik woe him net twinge.
Hij: Ik snap bêst datst lilk bist. Sy: O ja? Hy: Do bist lilk omdat ik fuort gien bin. Sy: Soe it? Hy: Do hast it gefoel dat ik dy yn’e steek litten ha. Sy: It gefoel?
Flora: Barnabas? Ah, Barnabas. Alles is klear. Ik wol dy myn tún sjen litte, dyn tún. Do moast se sjen: myn Japanske kwee, myn klimmer….myn kamperfoelje, myn klematis. It wurdt simmer. Ik ha de parasol foar dy opsetten. Kinst yn’ e tún bôle-ite, by de fiver. Ik ha it hiele hûs foar dy oppoetst. It glimt as in spegel.
Ja, mar dat is gjin echt bewiis. Nim my no bygelyks. Ik kin my omdraaie en sizze..wêr hinget Fiona út op it stuit? En it antwurd soe wêze..ik ha gjin flau idee. Mar ik soe net daliks oannimme dat se mei de buorman op bêd leit. De kâns is grutter dat se by de kapper sit.
Ik bin op 13 desimber berne yn Poppenwier yn De Lege Geaën en ha altyd al in foarleafde foar talen hân, yn it bysûnder foar de Fryske taal. Tagelyk mei de ynteresse foar toaniel/teater wie it op in bepaald momint logysk om ris in toanielstik oer te setten. Doe’t ik de smaak te pakken hie, wie der gjin hâlden mear oan. It waard myn passy. It offisjeel beneamen fan ‘letterfretter’ fan myn fertaalburo yn 2004 hat myn libben dêrnei yn positive sin feroare. Alle dagen ha ik de lúkse om wat mei ‘myn’ taal te dwaan, alles uteraard foar it goeie resultaat. Dat is myn stribjen, dat is myn doel!