in fertaalburo, dat yn haadsaak de Nederlânske taal yn it Frysk oerset. Dit alles op it mêd fan tsjinstferliening foar bedriuwslibben en partikulieren.
Feikje: Ja, yn in normale situaasje wol ja. Mar it giet dochs helendal net goed mei Strikje.
Ronald: Ferdomme, dy kutkat. Kinst hjirwei dochs neat dwaan, dus it hat gjin inkeld nut om te beljen.
Claire:(bemuoisuchtich) At se no gewoan even belje wol!
Karel: Prommen. Ik moat eh…prommen ha.
Frits: Prommen?
Karel: Prommen ja. Drûge of op sop. En neffens my hienen wy se noch yn’e kuolsel. Mar ik kin se net fine.
Frits: Prommen. Prima! Prima! Sil ik freegje! Bliuw hjir!
Theo: dat ek noch. No ja, dat is miskien ek mar better. Witst wat, do kinst wol op de útfanhûzerskeamer. Ikha moarn hiel wat út te lizzen, mar dat moast ik dochs al. Ik sil my der op de ien as oare wize wol trochhinne slaan.
Louis: Der kaam in âlde nicht mei in mjitlint. Bûtenkant foet, binnekant foet. Binnekant foet fûn er prachtich. Hat er wol seis kear oerdien. Claire: it sit, as wie’t foar dy makke.
Ja, mar dat is gjin echt bewiis. Nim my no bygelyks. Ik kin my omdraaie en sizze..wêr hinget Fiona út op it stuit? En it antwurd soe wêze..ik ha gjin flau idee. Mar ik soe net daliks oannimme dat se mei de buorman op bêd leit. De kâns is grutter dat se by de kapper sit.
Ik bin op 13 desimber berne yn Poppenwier yn De Lege Geaën en ha altyd al in foarleafde foar talen hân, yn it bysûnder foar de Fryske taal. Tagelyk mei de ynteresse foar toaniel/teater wie it op in bepaald momint logysk om ris in toanielstik oer te setten. Doe’t ik de smaak te pakken hie, wie der gjin hâlden mear oan. It waard myn passy. It offisjeel beneamen fan ‘letterfretter’ fan myn fertaalburo yn 2004 hat myn libben dêrnei yn positive sin feroare. Alle dagen ha ik de lúkse om wat mei ‘myn’ taal te dwaan, alles uteraard foar it goeie resultaat. Dat is myn stribjen, dat is myn doel!